Gewoan te gek (2008)

2008 - Was er weer een te gek stuk door de spelers ingestudeerd. Na lang zoeken werd het Gewoan te gek van Ton Davids.

Lisette, Femmie, Isar en Bram fjouwer eks-psychiatryske pasjinten wenje yn Huize van Speykstraat. De Sosjosterapeute, Toos, Moat har helpe harren plakje yn 'e normale maatskippij wer te finen. Spitigernôch docht Toos faak te goed har bêst.

Lisette wol keunstnares wurde en sit in grut part fan 'e dei yn de kuolkast. Femmie bliuwt obsedearre troch selsmoard Isar is in synikus mei in skerpe tonge en Bram rekket regelmjittich yn in dip, om't syn biologyske tún de meast nuvere en ûnwerkenbere griente opsmyt.
De bewenners lykje noch net echt op normale minsken. De wet-hâlder dy't ferantwurdlik is foar de subsydzje fan Huize van Speykstritte komt dus mar in kear it spul troch it gat sjen, it liket der op dat de jildkraan tichtdraaid wurdt en de bewenners wer werom nei de ynrjochting moatte. Toos jout de bewennersdúdlike ynstruksjes hoe 't de bewenners har halde moatteas de wethâlder komt, mar dizze bemuoisucht falt by harren ferkeard.

Se beslute om sawol Toos as de wethâlder dúdlik te meitsjen dat se harsels poerbêst rêde kinne. op eigen "gekke" wize besoargje sy harren gasten in tige bysûndere jûn . Dêr krije se ûnferwachtse help by fan harren nije buorlju; de buorman blykt in talintfol gûchelder te wêzen en de buorfrou besiket op dizze jûn wat plestyk bakjes oan 'e man te bringen. Tige betûft bliuwe de eks-gekken de baas en regelje harren saakjes mei lef en in bytsje bedroch. 

Met dank aan Pietsje Dijkstra voor de geleverde en gemaakte foto's.

 
© 2010 - Webdesign door RDProductions - Donkerbroek || In opdracht van Spilersnocht Donkerbroek