De skiednis fan toanielselskip Spilersnocht

Spilersnocht is ûntstien  yn 1978.
Guon minsken yn Donkerbroek woene graach toanielspylje. Under tafersjoch fan Doarpsbelang waard útein set.
Om ’t it hjir oer de Stellingwerven giet wie de kar foar it brûken fan de taal op it toaniel net maklik. Jo sitte noch krekt boppe de Tsjonger.
Donkerbroek is dochs wol foar 80 % Frysk talich, dus der wurdt nochal gauris Oertsjongersk praat. Dochs waard de kar makke om Nederlânsk talich toaniel op de planken te bringen yn it Witte Huis, it pleatslike restaurant.
Op in gegeven stuit wiene der dochs lûden binnen de ploech om ek ris yn it Frysk opfierings te dwaan. Yn jo ‘eigen‘ taal kinne jo jo dochs it bêste uterje, sa tocht men.  Dat wie in twifelpunt. It kaam der op it lêst op del om it iene jier in Nederlânsktalich en it oare jier in Frysktalich stik te dwaan.
Om ’t op it lêst it grutste part fan de potensjele spilers Frysktalich wie waard it beslút nommen om allinnich noch mar Frysktalich amateurtoaniel te bringen.
Fanôf 2000 is dat it gefal.
Fuortendaliks waard der ek opjefte dien foar de jierlikse Toanielkriich, organisearre troch STAF – Stichting Amateurtoaniel Fryslân. Karmasters komme dan om it stik te skôgjen en it stik mei de hiele ‘cast ‘ te bepraten. De beoardielings fan de karmasters wiene tige goed en yn in pearioade fan fjouwer jier promovearre Spilersnocht fan de tredde nei de By Utstek klasse, wêr ’t men no noch yn sit. Ien kear behelle men in priis om ’t men de heechste punten helle hie.

Ek dit jier docht Spilersnocht wer mei oan de Toanielkriich.
Njonken it jierlikse jûnfollende stik bringt Spilersnocht ek altiten in ienakter op de planken.
Men docht dan mei oan it jierlikse Eenakterfestival fan de Federatie Oostellingwerfse theatergezelschappen. Der wurde meastal twa jûnen belein.
Dat der wol talint yn Donkerbroek sit docht bliken yn 2006.
Donkerbroek wie selektearre foar it Provinsjale Ienakterfestival yn it Posthuis op it Hearrenfean. En wat bart der ?? Spilersnocht wurdt ta winner útroppen !!!

Wat in eare foar dit selskip.
Takomme jier sil der wat gruts barre yn Donkerbroek.
Der sil in Iepenloftstik spile wurde yn Landgoed Ontwijk. Skriuwster Ytsje Hettinga is dwaande mei it bewurkjen fan in Frysk boek fan in bekende skriuwer. It ferhaal spilet him ôf by de Tsjonger. Dy leit op 700 meter fan de spyllokaasje.

 
© 2010 - Webdesign door RDProductions - Donkerbroek || In opdracht van Spilersnocht Donkerbroek